Jildpine by pleechsoarch

Jeugdhulp Friesland makket him soargen oer it effekt fan de oansteande besunigings op de pleechsoarch. Neffens behanneldirekteur Jeroen van Ooijen rint de begelieding fan bern en de pleechgesinnen gefaar. De pleechsoarch moat op 1 jannewaris as de jeugdsoarch oergiet fan ryk nei gemeenten goed 15% fan it budzjet ynleverje.
Dy besunigings treffe foaral de stêf by Jeugdhulp, seit Van Ooijen. It budzjet foar de bern bliuwt itselde. Yn Fryslân sieten ein ferline jier sa'n 850 bern yn pleechgesinnen.