Stoomtrein lûkt bytsje minsken

30 aug 2014 - 12:19

It hat trije jier duorre, mar der rydt dit wykein wer in stoomtrein tusken Snits en Starum. De rit mei de trein is ûnderdiel fan it festival 'Dampend en Bruizend' en is in inisjatyf fan njoggen toeristyske organisaasjes yn Súdwest-Fryslân. Yn it foar falt de belangstelling foar it fjouwerdaachse evenemint ôf. Dêrom rydt de stoomtrein allinnich op sneon en snein.

Dries Onclin fan de organisaasje ferwachtet wol dat in soad minsken op it lêste momint in kaartsje keapje sille. Foar de earste rit wiene der 150 kaartsjes ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)