Ajax hat Sinkgraven op it each

30 aug 2014 - 12:11

SC Hearrenfean rekket mooglik wer in wichtige spiler kwyt. Ajax soe belangstelling hawwe foar middenfjilder Daley Sinkgraven, no't Ajax-spiler Daley Blind nei Manchester United giet. Dat meldt it ANP.

Technysk direkteur Hans Vonk fan SC Hearrenfean wol lykwols net op it berjocht reagearje. As de ferkeap fan Sinkgraven trochgiet, soe nei Alfred Finnbogason en Hakim Ziyech in tredde belangrike fuotballer fuortgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)