Jonge (13) tsjin holle skopt

30 aug 2014 - 11:12

De plysje yn Langwar hat freed twa 14-jierrige Sint Nyksters oanhâlden neidat se twa jonges fan 13 en 14 jier út in doarp yn 'e omkriten mishannele hiene op de Stevenshoek. Dêrby soe it jonkje fan 13 ferskate kearen tsjin de holle skopt wêze.

Hy is nei it sikehûs brocht. Dêr waard hy oan syn ferwûnings behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)