Trije oanhâldings op Psy-Fi
De plysje yn Ljouwert hat freedtenacht trije besikers fan dancefestival Psy-Fi oanhâlden foar it besit fan harddrugs. It giet om in 26-jierrige man út it Spaanske Pollenca, in 33-jierrige man út it Dútske Gummersback en in 36-jierrige frou út Den Haach.
Se binne meinommen nei it plysjeburo en sitte noch fêst.