Rom ferlies foar Feanfroulju

Trainster Jessica Torny © AWfoto.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne it nije seizoen freedtejûn útein set mei in 7-1 ferliespartij tsjin Standard Luik. Yn it Belgyske Luik kamen de Feanfroulju foar rêst al op in 3-0 efterstân.
Yn de twadde helte soarge Daniëlle Kuikstra foar de iennige Fryske treffer. Dêrnei naam de thúsploech de lieding wer oer en rûn út nei in romme oerwinning.