Hûndert sjauffeurs op strjitte

29 aug 2014 - 20:38

Neffens fakbûn FNV Bondgenoten sitte der kommende moandei hûndert taksysjauffeurs fan de taksybedriuwen Witteveen en Oenema sûnder wurk. Dat komt om't harren wurk foar soarchynstelling Alliade ophâldt.

Nei in oanbesteging gie it taksyferfier nei taksybedriuw Klomp. Dy soe besykje safolle mooglik fan de sjauffeurs oer te nimmen, mar dat is net bard. Neffens Alliade om't Witteveen en Oenema net meiwurkje wolle. Mar neffens it fakbûn om't Klomp de meiwurkers net oernimme woe.

Andries van den Berg fan FNV Bondgenoten tinkt dat de kwaliteit fan it ferfier te lijen ha sil ûnder de ynset fan nije sjauffeurs. Dêrom is der in meldpunt iepene op Facebook foar klachten. Ek Alliade hat in meldpunt. Sy ferwachtsje wol oanrinproblemen, mar sizze der alles oan dien te hawwen om de oergong sa goed mooglik ferrinne te litten.

Taksybedriuw Witteveen woe net reagearje op de ûntsteane situaasje en ek taksybedriuw Oenema hat noch net reagearre op it nijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)