SC Hearrenfean finansjeel sûn

© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Sportklup Hearrenfean sit by de bêste acht fuotbalklups as it giet om in sûne finansjele húshâlding. Dat stelt de KNVB. It bûn beoardielde alle betelle fuotbalklups op harren finansjele posysje op basis fan de yntsjinne begruttingssjfers fan 2014/2015.
Dêrút kaam in yndeling mei trije kategoryen. Kategory ien wurket oan finansjeel herstel, kategory twa skoart foldwaande en kategory trije is tige sûn. Sportklup Cambuur sit yn kategory twa.