Tsjerke Doanjum wer klear

29 aug 2014 - 17:24

De restauraasje fan de Donatustsjerke yn Doanjum is klear. De tsjerke is in ryksmonumint en boud yn 1777. De restauraasje koste 400.000 euro en dat wie eins tefolle jild foar de lytse tsjerklike gemeente.

Troch in legaat fan de eardere pleatslike bakker, Paulus Ennema, koe der dochs in oanset jûn wurde yn de restauraasje. Provinsje Fryslân hat dêrnij ek in bydrage fan twa ton jûn. Yn de tsjerke is in bysûnder grêfmonumint werom te finen fan Sicco van Goslinga. Van Goslinga wie in belangryk Frysk diplomaat yn de 17e en 18e ieu.

Syn praalgrêf is ek meinaam yn de restauraasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)