Nominaasje foar Marrekrite

Rekreaasjeskip de Marrekrite is nominearre foar in nasjonale priis; de Nationale Motorbootvaren Prijs. Oare gadingmakkers op de priis binne in nije boat, in stifting dy't in kanaal weriepenje wol en Rykswettersteat mei har bydrage oan it projekt Varen doe je Samen. De priis is ynsteld troch de Stichting Bevordering Motorbootvaren dêr't in grut oantal wettersportbûne publikaasjes en organisaasjes yn aktyf binne. De priis bestiet út in bokaal dy't kommende tiisdei útrikt wurdt.