Fotograaf Kadir sil Waad op

29 aug 2014 - 16:03

Fotograaf Kadir van Lohuizen hat in betelle opdracht krigen fan de Ljouwerter Krante en it Fries Museum. Hy sil in searje foto's meitsje fan de fiskerij op de Waadsee. Dy sille dan brûkt wurde foar in eksposysje yn it museum en foar in bylage yn de krante. Van Lohuizen is in ferneamd fotograaf.

Hy is winner fan de Sulveren Kamera, waard meardere kearen bekroand yn ferskate kategoryen fan dy priis en hat twa kear in priis wûn by de World Press Photo. Gewoanwei reizget hy de hiele wrâld oer, mar no bliuwt hy dus tichtby hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)