Ekstra foarstelling yn Jorwert
It iepenloftspul yn Jorwert komt mei in ekstra foarstelling op 16 septimber. De kaartferkeap fan de foarstelling Maraton rint sa goed, dat meardere jûnen no al útferkocht binne.
Om elkenien in kâns te jaan dit iepenloftspul te sjen, hat de organisaasje in ekstra jûn ynpland.