'Kip- en kinderbuurt' ferdwynt

29 aug 2014 - 15:15
  • De Kip- en Kinderbuurt yn Wurdum

De saneamde 'Kip- en Kinderbuurt' oan de Breedyk yn Wurdum ferdwynt. Dat komt troch de Heak om Ljouwert. De dyk rint hast troch de buert hinne en dat hat in grutte ympakt. Tjidte Talsma is ien fan de âld-bewenners fan de buert. Hy moast mei de nedige muoite ôfskied nimme fan syn hûs, mar hy leit him der wol by del: 'De tiid giet troch'.

Dêrneist wol Talsma sizze dat de ûntwikkelingen net tsjin te hâlden binne. De buert stie bekend om syn frijheid en lanlike karakter, mar nei dizze wike is it dien mei de Kip- en Kinderbuurt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)