Ungelok Penjum noch ûndúdlik

© Jaring Rispens/JRF Producties
Der is noch gjin dúdlikheid oer de oarsaak fan it ûngelok, ferline wike freedtejûn yn Penjum. In jonge fan 18 út Steggerda kaam dêrby om it libben, in famke fan 18 út Penjum leit noch yn it sikehûs en kin noch net heard wurde.
It stel rûn mei de hûn op de Waltingaleane en waard dêr oanriden troch in auto dy't bestjoerd waard troch in 37-jierrige man út Littenseradiel. De plysje wol earst it ferhaal fan it famke hearre, foardat se útslútsel jaan kinne oer de tadracht fan it ûngelok.