Jordy Buijs net tsjin Utrecht

29 aug 2014 - 13:36
  • Jordy Buijs yn aksje

Jordy Buijs docht sneontejûn yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht net mei. De sintrale ferdigener hat in hamstringblessuere en syn ferfanger is Kenneth Otigba. Buijs hat de ôfrûne wike apart traint, mar de wedstriid tsjin FC Utrecht komt foar him te betiid. In oare wiziging yn it alvetal fan SC Hearrenfean is dat Joey van den Berg werom komt fan syn skorsing. Van den Berg stiet rjochts op it middenfjild en dêrtroch sit Morten Thorsby wer op de reservebank.

Yn de punt fan de oanfal jout Dwight Lodeweges de foarkar oan Mark Uth.

De Dútser hat al 15 kompetysjewedstriden net in doelpunt meitsje kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)