Gasten mije betinking Warkum

29 aug 2014 - 11:28

Ferskate gasten dy't útnoege wiene foar de betinking fan it 350-jierrich bestean fan it Joadske begraafplak yn Warkum, binne net kaam út eangst foar bedrigings. Dat hat de organisaasje witte litten. Troch de spanning yn Israel en Gaza ha der ferskate anty-semityske ynsidenten west yn binnen- en bûtenlan. Dat hat der dochs foar soarge dat guon minsken ek benaud wiene foar ûnrest yn Warkum.

Freed wurdt stilstien by de oprjochting fan it begraafplak yn 1664 mei byienkomsten yn it sintrum fan Warkum en by it begraafplak sels.

De útnoeging is ek bewust sa folle mooglik bûten de publisiteit hâlden fanwege de situaasje yn Israel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)