Auto mei oanhingwein kantele

29 aug 2014 - 10:57

Ferkear op de A7 fan Beetstersweach nei It Hearrenfean hat freedtemoarn lêst hân fan in kantele auto. De oanhingwein achter de auto begûn te slingerjen, nei alle gedachten troch de wyn. De kombinaasje kantele en de auto kaam op de sydkant telâne yn de berm.

Om de auto en karre op te romjen waard ien rydbaan tydlik ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)