'Mear resultaat miljeubelied'

28 aug 2014 - 20:30
  • Besikers fan de byienkomst

It miljeubelied fan de provinsje moat mear resultaat opsmite, dat fynt ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes. It bliuwt no tefolle by it dwaan fan suggestjes oan ynwenners, mar it hat noch te min as effekt dat der yn de praktyk saken feroarje. De deputearre wol har foarnimmen meinimme yn it nije provinsjale miljeubelied foar de kommende twa jier. Tongersdei koenen boargers, bedriuwen en ynstânsjes suggestjes dwaan foar dat belied.

Ien fan de foarbylden dy't by de byienkomst nei foarren kamen wie it Fryske bedriuw Roof2Roof.

Ien fan de foarbylden dy't by de byienkomst nei foarren kamen wie it Fryske bedriuw Roof2Roof. Dat hat safolle sukses by it opnij brûken fan bitumen út âlde dakbedekking, dat it no mooglik ek bûten de provinsjegrinzen oan de slach sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)