Race foar Yslânske hynders

Nynke Horjus op in Yslânsk hynder © Nynke Horjus
Op maneezje de Sanjes yn Oentsjerk wurdt op 19 oktober in hynstewedstriid spesjaal foar Yslânske hynders holden. It is de alderearste kear dat der yn Fryslân sa'n wedstryd riden wurdt. It evenemint wurdt organisearre troch IJsland Rijders Noord.
Dat bart op fersyk fan de 22-jierrige Nynke Horjus út Dokkum. Sy hat sels fjouwer Yslânske hynders en moat sels altyd it hiele lân trochreizgje foar de wedstriden. Minsken kinne har opjaan foar de wedstriid, mar meie op de dei sels ek gewoan delkomme foar in proefrit op in Yslânsk hynder.