'Effekt alkoholwet net bekend'

It is noch fierstente betiid om te sizzen dat de nije alkoholwet foar 16 en 17-jierrigen gjin effekt hat. Dat seit Marijke Hagedoorn fan it platfoarm Nuchtere Fries. Sûnt jannewaris mei dizze groep jongerein gjin alkohol mear keapje en drinke.
It platfoarm hat in enkête hâlden ûnder de jongeren. Dêrút docht bliken dat de measte jongeren fan 16 en 17 jier noch gewoan alkohol drinke. Dochs is der wol deeglik in feroaring, seit Hagedoorn. Jongeren drinke wat minder as ferline jier en fine dat it folle lestiger wurden is om alkohol te keapjen.
Hagedoorn ferwachtet dat it alkoholgebrûk de kommende jierren hieltyd fierder ôfnimt.