Slijngard komt nei SC Cambuur
Fuotballer Donovan Slijngard makket de oerstap fan Sparta nei Cambuur. De spiler komt transferfrij oer en sil op amateurbasis foar Cambuur spylje.
Wannear't Slijngard wer wedstrydfit is, komt er yn oanmerking foar in kontrakt. Slijngard spile de ôfrûne seis seizoenen foar Sparta. Hy waard oplaat by Ajax, mar makke syn debút by FC Grins.