Windlust yn Boerum draait wer

Mûne Windlust fan Boerum is wer yn bedriuw. De histoaryske mûne baarnde dik twa jier lyn folslein ôf. It doarp sette him dêrnei bot yn foar de weropbou. Der is besocht om de mûne sa orizjineel mooglik wer op te bouwen.
De bou fan de mûne hat mei-inoar goed 1 miljoen euro koste. It is de bedoeling dat de mûne faak draaie sil en dêrom binne der ferskate nije mûners oplaat.