Arriva set langere treinen yn

© Omrop Fryslân
Arriva set fan takom wike ôf langere treinen yn op in oantal fan de trajekten. It giet om trije treinen, dy't de ôfrûne tiid yn Switserlân in ekstra tusken-treinstel krigen hawwe. Se hawwe dêrtroch 59 ekstra sitplakken.
De treinen wurde benammen ynset op rails yn Grinslân, mar ride ek tusken Ljouwert en Grins. De kommende moannen krijt Arriva der nochris trije langere treinen by.