De Hel ien fan Gekste Gatten

28 aug 2014 - 14:16

It plakje De Hel yn Súdwest-Fryslân is útroppen ta ien fan de Gekste Gatten fan Nederlân. De ferkiezing is in inisjatyf fan de lanlike stjoerder Radio 10. De Hel einige op in sânde plak yn de nasjonale top tsien. It plak Nummer Een yn Seelân waard útkeazen ta it Gekste Gat fan ús lân. Rectum (Oerisel) en Hongerige Wolf (Grinslân) makken de top trije kompleet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)