Tsjerkestifting krijt miljoen

28 aug 2014 - 13:54
  • Tsjerke Driezum

De Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen yn Fryslân hat fan it ryk hast 1,1 miljoen euro subsydzje krigen foar it ûnderhâld fan fjirtich tsjerken, tsjerketuorren en tsjerkhôven. Begjin dit jier hie de stifting de subsydzje oanfrege en alle oanfragen binne takend. It jild is foar de kommende seis jier.

Mei-inoar moatte de fjirtich objekten foar goed 2 miljoen euro opknapt wurde. It grutste bedrach giet nei de Mennistetsjerke yn Snits. Dy krijt mear as 50.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)