Gjin parkearjild yn de natuer

Friezen hoege harren gjin soargen te meitsjen dat se parkearjild betelje moatte as se de frije natuer yn wolle. Tongersdei waard bekend dat inkelde natuerorganisaasjes oerwage betelle parkearen yn te fieren by de natuerterreinen. Ut ûndersyk soe bliken dwaan dat soks miljoenen opsmite kin as ynstruier foar de natuerorganisaasjes, dy te krijen ha mei besunigings.
Neffens Teun Wiersma fan De12Landschappen, dêr't it Fryske Gea by heart, hoege Friezen lykwols dêr net bang foar te wêzen. Syn organisaasje sjocht neat yn de plannen.