Net benaud foar bijesykte

28 aug 2014 - 12:51

Fryske bijetelers binne net benaud dat de sykte Amerikaanske Vuilbroed ûnder bijefolken yn Fryslân útbrekke sil. Yn it Drintske Súdlaren is ûnder bijen in útbraak fan de sykte fêststeld. Vuilbroed is in sykte ûnder larven fan de Europeeske huningbij. It is in besmetlike sykte en de koloanje yn Súdlaren is romme.

Der is in ferfiersferbod fan de bisten ynsteld. Neffens saakkundige Henk Koers fan de bijehâldersferiening Beetstersweach binne de maatregels genôch om foar te kommen dat de sykte ek yn Fryslân opdûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)