Natura 2000 is gjin beheining

Op It Amelân lykje de Europeeske natoerbeskermingsregels de rekreaasje en tradisjonele eilanner aktiviteiten net yn it paad te sitten. Alle belanghawwende partijen binne it dizze wike iens wurden oer in konseptbehearsplan. Dêr komt yn te stean wat dwaan en litten wurde moat om de bysûndere natoer op it eilân te beskermjen.
Sa'n behearsplan is nedich om te foldwaan oan de Europeeske Natura 2000 wetjouwing. Eilanners wiene benaud dat dy wet in soad beheinings opsmite soe. Se krije noch de romte om yn te sprekken yn it behearsplan.
De bestjoeren fan gemeente, provinsje en it wetterskip moatte ek noch oer it plan gear. Dêrnei giet it plan nei it ministearje fan Ekonomyske Saken.