Brânstichter út Snits oppakt

28 aug 2014 - 10:04

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 21-jierrige man út Snits oanhâlden as fertochte fan brânstichting. Tsjûgen seagen dat de man in kontener yn de Worp Tjaardastrjitte yn de brân stuts en warskôgen de plysje. Dy socht de man thús op en makke him wekker.

It gesicht fan de man siet noch ûnder it roet fan de brân. Hy is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)