Joadsk begraafplak 350 jier

28 aug 2014 - 08:04

Ut de hiele wrâld wei komt freed neiteam fan de Joadske David Salomon en Kendel Jehuda nei it begraafplak fan Warkum. It begraafplak bestiet 350 jier en dêrfoar komme der famyljeleden út Bolivia, Australië, Amearika, Kanada, Israel, België en Nederlân nei Fryslân.

De Joadske Warkumer "Taeffelholder van de banck van Leninge" David Salomons kocht 350 jier lyn in hoekje grûn fan de stêd Warkum om hjir syn geloafsgenoaten te begraven. It is hjirmei it âldske Joadske begraafplak fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)