22e Provinsjale Yndiëbetinking

27 aug 2014 - 21:24

Yn it Rengerspark yn Ljouwert binne woansdeitejûn de Fryske militêren betocht dy't tusken 1945 en 1962 om it libben kaam binne yn Nederlânsk-Yndië. Op de provinsjale betinking, dy't foar de 22e kear hâlden waard, kamen goed 300 minsken ôf. Der waarden krânsen lein troch ûnder oare de provinsje, de gemeente en tal fan feterane-organisaasjes.

Foarsitter Jacob Reitsma fan it organisearjende komitee makke bekend op te hâlden. Hy jout it stokje oer oan Gerard van Klaveren, de boargemaster fan Weststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)