Bebida's: brân wie ûngelok

27 aug 2014 - 19:44
  • Bebida's

Eigener Van Uffelen fan Bebida's yn Ljouwert seit begryp te hawwen foar it beslút fan de gemeente om syn kafee in wike ticht te dwaan. Ljouwert docht dat omdat tiisdeitejûn besikers brânwûnen oprûnen doe't der op de bar in floeistof yn 'e brân stutsen waard. Neffens Van Uffelen wurdt dat alle jûnen dien en is de saak der op ynrjochte. Van Uffelen bestriidt dêrom it oardiel fan de gemeente dat it net feilich is, der wie neffens him sprake fan in tragysk ûngemak. Wol sil er de feiligensplannen opnij besjen, de gemeente hat him dat ek opdroegen.

Gewoanwei hâldt it personiel besikers op ôfstân as de floeistof yn 'e brân stutsen wurdt. It giet om in spesjale floeistof dy't mar koart brânt. Tiisdeitejûn stie in froulike besiker der dochs te ticht by en har hier en klean fleagen yn 'e brân. It fjoer sloech dêrnei oer nei fiif oare omstanners. De slachtoffers rûnen twadde en earstegraads brânwûnen op. Van Uffelen is bot oandien troch it ûngemak. Hy kin noch net sizze oft er trochgiet mei de act.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)