Bantpolder wurdt wer sâlt

Natuermonuminten begjint nije wike mei it herstel fan de Bantpolder, tusken de Lauwersmar en Moddergat. Troch âlde greppels en dammen werom te bringen moat de polder wer wieter en sâlter wurde. Dat moat der foar soargje dat der mear greidefûgels komme en seldsume planten net útstjerre. Sûnt it ôfsluten fan de Lauwerssee yn 1969 ferdroeget de polder en ferdwynt it sâlt út de grûn.
It herstel wurdt betelle mei in bydrage út it Waadfûns. It moat heal oktober klear wêze.