Kafee Ljouwert ticht nei brân
Boargemaster Crone hat woansdei in Ljouwerter kafee sletten. It giet om Bebida's oan it Ruterskertier. Yn de saak is tiisdeitenacht de bar mei alkohol besprinkele en yn de brân set. Dêrby binne seis minsken ferwûne rekke, ien persoan hie twaddegraads brânwûnen. De kroech moat in wike de doarren ticht hâlde.