'Bonnie and Clyde' bekenne

27 aug 2014 - 15:15

It duo Marcos van der P. en Enise B. hat foar in grut part bekend. De man, dy't fan De Harkema komt, en frou brutsen as in soarte fan Bonnie en Clyde yn febrewaris meardere kearen yn Nederlân yn. Dêr brûkten se geweld by. Wiken lang ha se neat tsjin plysje en justysje sein. It is net dúdlik wêrom't se no wol bekend ha.

Nei in klopjacht koe it duo úteinlik yn Dútslân oanhâlden wurde. De útlevering duorre in skoft om't se net meiwurkje woenen. Tiisdei beslút de rjochtbank oft se langer yn foararrest bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)