Slim ûngelok by Sweins

27 aug 2014 - 14:59

In 75-jierrige fytser út Rie is woansdeitemiddei swier ferwûne rekke by in oanriding mei in auto op de Alde Ryksstrjitwei by Sweins. It slachtoffer is mei de tarumahelikopter nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht.

In 33-jierrige automobilist út Rie seach de fytser lâns de kant fan de dyk stean. De man stuts ûnferwachts oer. De bestjoerder fan de auto koe de fytser net mear ûntwike. De fierdere tadracht fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)