Soad animo foar 'sopmaraton'

27 aug 2014 - 14:08
  • Fryske sop-a-thon

De 'sopmaraton', dy't freed hâlden wurdt, ferhuzet nei in oare lokaasje yn Ljouwert. It 24-oeren-lang-sop-siede soe dien wurde yn de keuken fan it Nordwin College, mar dat wurdt de keuken fan de middelbere hotelskoalle fan it Friesland College. Dy is grutter en dat is nedich omdat der in soad belangstelling fan frijwilligers en parse is.

Doel is om 2.400 potten sop te meitsjen fan tomaten dy't fergees beskikber steld binne troch Fryske kwekers. Mei de Grutte Fryske Sop-a-thon freegje se omtinken foar it fergriemen fan iten.

Op de webside fan de organisaasje is mear ynformaasje te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)