Nije foarsitter by Voedselbank

27 aug 2014 - 13:51

De Voedselbank Ljouwert krijt in nije foarsitter. Jan Lunshof nimt de taak oer fan Sytze Faber. De âld CDA-politikus hâldt mei yngong fan 1 septimber op. Jan Lunshof is direkteur by Jeugdhulp Friesland. De Voedselbank yn Ljouwert dielt alle moannen sa'n 900 pakketten út. Omdat de fraach nei help hieltyd grutter wurdt, siket de organisaasje bettere húsfesting en mear frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)