Proef mei hurdfytsers begûn

27 aug 2014 - 12:18

Yn Frjentsjer is in proef begûn om te mjitten hoe hurd oft fytsers op it fytspaad fytse. Op de paden mei foar de proef net hurder as 30 kilometer yn de oere riden wurde. Foar de gelegenheid meie dy hurdfytsers dizze wike ek op de gewoane dyk ride.

It bûn en de gemeente wolle sa it effekt op de ferkearsfeiligens mjitte. De ferskillen op it fytspaad wurde hieltyd grutter, troch elektryske fytsen, race- en lisfytsen. De proef duorret in wike en wurdt hâlden by de Harnzerwei en it fytspaad tusken Ried en Boer. Dêr steane spesjale buorden.

De faasje wurdt metten mei in telkast en in lasergun.

Trefwurden: 
Frjentsjer feilichheid fytse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)