Miljoenen foar ynnovaasje

27 aug 2014 - 11:29
  • Jild

De provinsje Fryslân stelt de kommende jierren 5 miljoen euro subsydzje beskikber foar ynnovative projekten yn Fryslân. It giet om ideeën dy't bydrage oan enerzjybesparring of duorsumens. Foarbylden fan projekten dy't al jild krigen ha, binne ynspeksjes fan wynmûnen mei in drone en it omsetten fan materiaal yn griengas ûnder de grûn. De ôfrûne sân jier hat Fryslân al mear as 10 miljoen euro oan subsydzjes jûn. De oanfragen gean yn septimber wer iepen, foar in projekt is maksimaal twa ton beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)