Bekeurings foar bromfytsers
De plysje hat tiisdei 24 bekeurings útskreaun by in bromfytskontrôle yn Ljouwert. Op de Gardenierswei en it Kealledykje waarden bestjoerders betrape sûnder rydbewiis, te hurd ride of ûnder ynfloed fan alkohol. Ek ried ien man op in bromfyts dêr't de remmen net fan wurken.
Twa snorfytsen binne yn beslach naam om't de eigeners noch boetes iepenstean hienen.