Ofrit A7 Boalsert freed ticht

27 aug 2014 - 09:50

De ôfrit by Boalsert op de A7 (nr. 17 foar ferkear fan de Ofslútdyk ôf) is fan kommende freed oant moandei 6 oktober ôfsletten. Rykswettersteat is earst dwaande mei asfaltearringswurk en dêrnei wurdt der in rotonde oanlein troch de provinsje.

It ferkear wurdt fia de earstfolgjende op- en ôfrit omlaat en moat rekken hâlde mei langere reistiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)