Nasjonale betinking ramp MH17

Premier Mark Rutte kundiget yn in ferklearring de nasjonale betinking oan. © ANP
Der komt op 10 novimber in nasjonale betinking foar de slachtoffers fan de fleanramp yn Oekraïne. By it delstoarten fan flucht MH17 kamen op 17 july 298 minsken om it libben. Under harren it echtpear Dalstra-de Vries fan De Gordyk. Premier Rutte hat dat tiisdeitejûn bekend makke. De betinking fynt plak yn de RAI yn Amsterdam en sil yn nauwe gearwurking mei de neibesteanden foarmjûn wurde.
Neffens Rutte is it fertriet ûnder de neibesteanden noch hieltyd 'enoarm'.