Earste listlûkersdebat D66

Sa'n 30 belangstellenden kamen tiisdeitejûn yn it Smelnehûs yn Drachten ôf op it earste D66 listlûkersdebat. Leden fan D66 yn Fryslân meie kieze wa't de listlûker fan de partij wurdt by de provinsjale ferkiezings yn maart takom jier. It is foar it earst dat dit dien wurdt.
Mark de Roo, Margreet Mulder en Sietze Schukking stelden har foar oan de oanwêzigen en praten oer ûnderwerpen as wynenerzjy. Se fine dat der gjin wynmûnepark komme moat yn de Iselmar. De mûnen moatte op it lân komme en op de Ofslútdyk.
Op 2 en 9 septimber wurde ek noch debatten hâlden. Dêrnei meie de leden de listlûker kieze.