Korporaasjes bouwe gâns minder

26 aug 2014 - 21:21

De wenningboukorporaasjes Elkien en WoonFriesland kinne de ôfspraken dy't mei de gemeente Ljouwert makke binne oer de bou fan wenningen yn de sosjale sektor net neikomme. It oantal wenningen dat troch de korporaasjes boud wurde soe, wurdt lang net helle. Dit komt omdat der minder jild beskikber is.

Korporaasjes moatte in saneamde hierdersheffing betelje oan it Ryk en se moatte de kosten betelje foar de tekoarten dy't ûntstien binne troch de problemen by wenningbouferiening Vestia. Partikuliere partijen fange de bou fan wenningen op.

Dit jier wurde 662 wenten boud yn Ljouwert. 565 dêrfan wurde boud troch partikuliere partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)