Heal miljoen foar plattelân

© ANP
Foar de ferbettering fan de leefberens op it plattelân, stelt de provinsje opnij jild beskikber. It giet om in heal miljoen euro subsydzje. Minsken dy't ideeën ha kinne in berop dwaan op dit jild. Earder wie al in bedrach fan 650.000 euro beskikber.
Doe is ûnder oare jild oanfrege foar in projekt op Skylge om in teateroplieding foar jongeren te begjinnen. Yn Mitselwier wurdt it doarpsplein omboud ta in sintraal moetingsplak en om Feanwâlden hinne wurde projekten opsetten yn natuergebiet it Bûtenfjild.