Ingeborg mei dûnsje yn Londen

26 aug 2014 - 17:42

De 22-jierrige Ingeborg Westerink fan De Knipe ferhuzet nije wike nei London. Sy sil dêr oan de prestisjeuze Mountview Academy of Theatre Arts de master Musikalteater folgje. Dizze akademy is spesjalisearre yn musikals en teater. Fan de tûzen oanmeldings, waard Ingeborg mei noch 29 oaren útkeazen.

Ingeborg begûn al op har tredde mei balletles, en op jonge leeftyd sette se útein mei de foaroplieding fan de dûnsakademy Lucia Marthas yn Grins. Dit jier hat se de oplieding Jazz- en Musikaldûns oan de Amsterdamse hegeskoalle helle.

Har staazjes foar dy oplieding rûn se by de produksje Flashdance fan Albert Verlinde Entertaintments en by Diner Show 21 on Air by Holland Show Ballet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)