Terbantsterbrêge langer ticht

26 aug 2014 - 17:05
  • De Terbantsterbrêge op It Hearrenfean

De Terbantsterbrêge oer de Hearresleat by It Hearrenfean kin foarearst noch net brûkt wurde troch de skipfeart. Der is in kamrêd stikken. Sûnt begjin dit jier wurdt oan de brêge wurke. De gemeente hat op it brêgedek stielen rydplaten pleatse litten om skea troch swier ferkear oan de brêge fierder tsjin te gean. By it proefdraaien yn juny gie it mis, de brêge klapte doe nei ûnderen en dêrby is it kamrêd skansearre rekke. Omdat it maatwurk is om te meitsjen kin dit noch wol even duorje.

De ekstra kosten dy't makke wurde komme net foar rekken foar de gemeente, want it is in fersekeringskwestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)