Buertbemiddeling skoart goed

Buertbemiddeling Fryslân hat ferline jier 52% fan de saken dy't behannele binne súksesfol oplost. Dat docht bliken út de sifers oer 2013. Der binne 133 meldings binnenkaam, 125 dêrfan binne yn behanneling naam. De stiging hat neffens de koördinator foar it part te krijen mei de resesje. Hieltyd mear minsken sitte thús en sjogge en hearre dan alles fan de buorlju. De bekendheid fan buertbemiddeling wurdt ek hieltyd grutter. Der wurde in protte saken trochferwiisd troch plysje en wenningbouferienings.