Bysûndere fynsten Wommels

26 aug 2014 - 15:20

By de archeologyske opgraving yn Wommels binne ferskate bysûndere fynsten dien. Sa hat archeolooch Theun Varwijk potten út de izertiid opgroeven en in skeletsje fan in hûn en in metalen byldsje fan in fûgel fûn. Mooglik dat dy lêste fynst út de Romeinske tiid komt, mar dat moat noch ûndersocht wurde.

Takom sneon is der in iepen dei op it opgravingsplak yn Wommels, yn de wike dêrnei wurdt it archelogysk ûndersyk ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)